Spyldata & Ynfo

Spyldata 2027

Woansdei 23 juny
Freed 25 juny
Sneon 26 juny

Snein 27 juny
Freed 2 july
Sneon 3 july

Lokaasje

Parkje, de Haven
Dronryp
Routebegelieding

30 juny en 4 july binne reserve-/reinwaaropsjes.

Styper wurde?

Wolle jo Iepenloftspul Dronryp foar langere tiid stypje? Dat kin. It jierlikse stipersbedrach is €12,50. In stiper krijt €5,- koarting op de bestelling foar tagongskaarten. Stjoer in email nei ynfo@iepenloftspuldronryp.frl en it wurdt  foar jo regele. 

Wolsto yn ús kommisje?

Wy hawwe ferlet fan nije minsken. Op dit stuit sykje wy dêrom entûsjaste minsken dy’t in sit nimme wolle yn ús kommisje. Binne jo krekt as wy wiis mei it Iepenloftspul Dronryp en wolle jo hjir wat mei. Dan is in sit yn it bestjoer fan de Stichting Iepenloftspul Dronryp in moaie útdaging! As it jo sels net past mar jo kenne in persoan dy’t dit hiel skoan dwaan kin, dan hearre wy dat ek graach. Liket it jo wat, of wolle jo hjir mear fan witte, nim dan kontakt mei ús op. Stjoer in mail nei: ynfo@iepenloftspuldronryp.frl.