Hast sin om dy yn te setten foar de lokale mienskip? Bist entûsjast? En hast affiniteit mei toaniel (of bist der nijsgjirrich nei?) Dan sykje wy dy!
As bestjoerslid spilest in wichtige rol yn de organisaasje fan enerzjyke teaterproduksjes yn de prachtige natoer fan Dronryp.
Do makkest diel út fan in gesellich team dat nau gearwurket mei frijwilligers. We sykje ien dy’t entûsjast is, hâldt fan organisearjen, kommunisearjen en regeljen. As bestjoer fan 5 persoanen ferdiele wy taken, dy’t oanslute op elks kwaliteiten.
Wat kinsto ferwachtsje?
- De kâns om ûnderfining op te dwaan yn in bestjoersfunksje en in weardefolle bydrage te leverjen oan de lokale mienskip.
- In soad romte foar eigen ynbring út dyn kennis en netwurk wei. Wy wurkje út elk syn krêft.
- De kâns om nije minsken te treffen, freonskippen te meitsjen en diel út te meitsjen fan ús teaterfamylje.
Wat nimst mei?
- Affiniteit mei toaniel;
- Goede kommunikative feardichheden;
- Organisatoaryskefeardichheden en/of hands on mentaliteit.
- Do bist noflik yn ‘e omgong en in teamspiler.
- We fergaderje gemiddeld ien kear yn de twa moannen en sa no en dan binne we by de repetysjes oanwêzich. Tichter by de útfiering freegje wy mear ynset.
Bist entûsjast wurden of wolst mear ynformaasje? Dan komme we graach mei dy yn kontakt. Stjoer in mailtsje nei ynfo@iepenloftspuldronryp.frl.
Op dit stuit binne wy drok dwaande mei de tariedingen fan ús oankommende produksje dy’t spilet yn juny en july 2025, ‘Wize Wiven fan ‘e Waadhoeke’. Bist nijsgjirrich wurden nei in bestjoersrol? Sjoch gerêst ris mei!