logo2002kleur-met-witboompje ILSlogo2002kleur-met-witlogo2002kleur-met-wit
  • Thús
  • Foto’s
  • Stiper
  • Sponsoaren
  • Skiednis
  • Gasteboek

Kontakt

Post foar de kommisje kin stjoerd wurde nei:
Sekretariaat Iepenloftspul Dronryp
Postbus 50
9035 ZW Dronryp

Foar fragen kinne jo in e-mail stjoere: ynfo@iepenloftspuldronryp.frl

iepenloftspuldronryp


Iepenloftspul Dronryp spilet net yn 2021

It doel
Iepenloftspul Dronryp spilet net yn 2021

It doel wie om dit jier in stik oer de Fusillade op ‘e Ryp te bringen. Fanwege de maatregels oangeande it koroanafirus hawwe wy besletten om it net troch gean te litten. Hokker opsje wy ek besjoen hawwe, it slagget net om foarstellingen del te setten dy’t rjocht dogge oan it moaie stik dat wy  graach delsette wolle. 

Nettsjinsteande dizze ûnwisse tiden geane wy der fanút dat it stik oer de Fusillade op ‘e Ryp yn 2022 spile wurde kin! 
Bliuw sûn en wy hoopje jim takom jier wer te sjen! 

De kommisje fan it Iepenloftspul Dronryp


Wy sykje noch manlju tusken de 18 en 35 jier! #iep
Wy sykje noch manlju tusken de 18 en 35 jier! #iepenloftspuldronryp #fusillade

Let op❗️ Oankommende freed, 2 oktober, organis
Let op❗️ Oankommende freed, 2 oktober, organisearje wy in ynformaasjejûn oer it nije stik wat yn 2021 spile wurde sil. Yn ferbân mei de nije Corona-maatregels meie der dizze jûn op syn heechst 30 minsken oanwêzich wêze. Wy wolle fansels net dat wy minsken teloarstelle moatte. Dus wolsto freed graach delkomme? Jou dy dan op troch in mail te stjoeren nei ynfo@iepenloftspuldronryp.frl. Wy stjoere dy dan in befêstiging.

DRONRYP WEROM YN’E TIID

It Iepenloftspul Dronry
DRONRYP WEROM YN’E TIID

It Iepenloftspul Dronryp wol dy útnoegje om 2 oktober, 20.00 oere, de ynformaasjejûn te besykjen yn kafee de Posthoorn yn Dronryp. Regisseur Theo Smedes wol dy op dizze jûn graach mear fertelle oer it stik dat yn 2021 spile wurde sil.

It stik giet oer de Fusillade yn 1945 te Dronryp. In ferhaal oer de eksekúsje op boargers en fersetslju by de Rypster brêge op 11 april 1945 en wat him fierder dizze perioade yn en rûnom Dronryp ôfspile hat.

Foar ús nije stik sykje wy entûsjaste spilers út Dronryp en omkriten dy’t gefoel hawwe foar Dronryp en de skiednis fan it doarp. Bisto no al entûsjast en wolst graach meispylje? Jou dy dan op troch in mail te stjoeren nei ynfo@iepenloftspuldronryp.frl. Bist der noch net hielendal oer út? Dan sjogge wy dy graach op 2 oktober! Let op❗️Yn ferbân mei de nije Corona-maatregels meie der dizze jûn op syn heechst 30 minsken oanwêzich wêze. Wy wolle fansels net dat wy minsken teloarstelle moatte. Dus wolsto freed graach delkomme? Jou dy dan op troch in mail te stjoeren nei ynfo@iepenloftspuldronryp.frl. Wy stjoere dy dan in befêstiging. 

De ynformaasjejûn fynt plak op freed 2 oktober, 20.00 oere yn kafee de Posthoorn, Brêgebuorren 10, Dronryp.


Wauw!! De Gouden Gurbe bêste haadrol is foar Jitz
Wauw!! De Gouden Gurbe bêste haadrol is foar Jitze!! Tige grutsk!
En fansels kinne wy ek grutsk wêze op alle oare nominaasjes: bêste haadrol foar Christina de Boer, bêste byrol foar Eke Born, bêste foarstelling en bêste foarmjouwing! 🤩

Foto's 📸 Piet Douma

‘Turks fruit’ sit d’r op! Wy kinne weromsjen
‘Turks fruit’ sit d’r op! Wy kinne weromsjen op in tige slagge produksje en wolle elkenien hertlik tank sizze dy’t op hokker wize dan ek belutsen wie by ‘Turks fruit’. Fierder wolle wy it publyk ek betankje foar har besite oan ús Iepenloftspul en de fantastyske reaksjes. It wie prachtich!
•
•
•
#iepenloftspuldronryp #turksfruit #iepenloft #dronryp


Meer laden…


Folgje ús op Instagram


Design by 5online