Kaartferkeap Wraak & Gewisse, De fusillade op ’e ryp is los!

It is al in skoftke bekend: dit jier bringt it Iepenloftspul Dronryp Wraak & Gewisse, De fusillade op ’e ryp op de planken. En de kaartferkeap foar dit stik is no al los! De premjêre fan Wraak & Gewisse, De fusillade op ‘e ryp fynt plak op 17 juny. De oare spyldata binne: 18, 22, 24 en 25 juny, 1 en 2 july.

Wraak & Gewisse, De fusillade op ’e ryp fertelt it ferhaal fan de fusillade bij de Rypster brêge op 11 april 1945 en wat him fierder dizze perioade yn en rûnom Dronryp ôfspile hat. Skriuwer Dick Jansen hat it stik skreaun basearre op ûndersyk en ferhalen fan Rypsters oer de fusillade en de twadde wrâld oarloch. Yn de ferhaalline binne der petearen ferwurke tusken in pake en lytsbern oer de barrens rûnom de fusillade. Yn it stik wikselje tema’s as leafde, tragyk, humor, fergonklikheid en de dea elkoar ôf.

Underwilens binne de repetysjes, under lieding fan regisseur Theo Smedes, yn folle gong. En efter de skermen wurdt der al hurd wurke om dit jier wer in moaie foarstelling del te setten yn Dronryp.

Binne jo der ek nijsgjirrich nei, hoe’t dit opfierd wurdt yn ‘e iepenloft? Bestel no jo kaarten!

Klik hjir om jo kaarten te bestellen.