Let op! Komme jo op 19, 21, 22 of 26 juny mei de auto nei ‘Turks fruit’? Dan kinne jo spitigernôch net fia de kant fan Baaium it doarp Dronryp ynride. Jo wurde dan omlieden fia Ljouwert of Frjentsjer. Hâld dêrom rekken mei in langere reistiid.
Kaarten foar stipers
Binne jo stiper fan it Iepenloftspul Dronryp en wolle jo kaarten mei koarting bestelle? Klik dan hjir!
Kaarten foar net-stipers
Bestel hjir kaarten as jo gjin stiper binne.
De foarstellings fan Turks fruit fine plak op:
Foarstellingsdata | Reservedata |
---|---|
Freed 21 juny | Premjêre - útferkocht | Snein 23 juny |
Sneon 22 juny - útferkocht | Moandei 24 juny |
Woansdei 26 juny - útferkocht | Tongersdei 27 juny |
Freed 28 juny - útferkocht | Snein 30 juny |
Sneon 29 juny - útferkocht | Moandei 1 july |
Tiisdei 2 july - útferkocht | Ekstra foarstelling |
Tongersdei 4 july - útferkocht | Ekstra foarstelling |
Freed 5 july - útferkocht | Snein 7 july |
Sneon 6 july - útferkocht | Moandei 8 july |
Komme jo nei Turks fruit?
De foarstelling set om 21.00 oere út ein. De lokaasje is oan ‘e Haven yn Dronryp. Wannear’t it stik los is, kinne jo net mear op de tribune.
By de Poiesz supermerk kin parkeard wurde. It parkearterrein is oanjûn mei buorden en ús parkearders wize jo fierder de wei. Hâld rekken mei in koarte kuier fan ûngefear 5 minuten nei it foarstellingsterrein.
Hawwe jo fragen of wolle jo mear witte? Nim dan kontakt mei ús op fia ynfo@iepenloftspuldronryp.frl.
Wy kommunisearje it net trochgean fan in foarstelling fia dizze webside, Omrop Fryslân en fia ús sosjale media-kanalen.