Turks fruit – 21 juny o/m 6 july 2019
Dit jier spile Iepenloftspul Dronryp ‘Turks fruit’. In nij stik, basearre op it ferneamde boek fan Jan Wolkers en de film fan Paul Verhoeven, dy’t mei 3,3 miljoen besikers noch altyd de meast suksesfolle Nederlânske bioskoopfilm oait is.
It ferhaal
Haadfiguer Erik is in jonge talintearde keunstner mar hy hat ek grutte talinten yn de leafde mei in net te stuitsjen libido. Hy komt op in dei samar ynienen it ”dizige reade bist” Olga tsjin wêr’t hy grinzeleas fereale op wurdt. De leafde tusken him en syn Olga set foar beide de wrâld yn ‘e brân. Mar Erik hat ek te krijen mei in heks fan in skoanmem dy’t graach alles nei har hân sette wol. Dêrtroch moat Erik alle seilen by sette en keuzes meitsje. Troch syn benearjende leafde foar Olga en syn grutte libido komt harren relaasje ûnder druk te stean. Der sil in soad feroarje en dat set de wrâld fan Erik en Olga op syn kop.
Tekst, oersetting en bewurking: Dick Jansen
Rezjy: Theo Smedes