IT IEPENLOFTSPUL DRONRYP IS OP SYK NEI DY!

DRONRYP WEROM YN’E TIID

It Iepenloftspul Dronryp wol dy útnoegje om 2 oktober, 20.00 oere, de ynformaasjejûn te besykjen yn kafee de Posthoorn yn Dronryp. Regisseur Theo Smedes wol dy op dizze jûn graach mear fertelle oer it stik dat yn 2021 spile wurde sil.

It stik giet oer de Fusillade yn 1945 te Dronryp. In ferhaal oer de eksekúsje op boargers en fersetslju by de Rypster brêge op 11 april 1945 en wat him fierder dizze perioade yn en rûnom Dronryp ôfspile hat.

Foar ús nije stik sykje wy entûsjaste spilers út Dronryp en omkriten dy’t gefoel hawwe foar Dronryp en de skiednis fan it doarp. Bisto no al entûsjast en wolst graach meispylje? Jou dy dan op troch in mail te stjoeren nei ynfo@iepenloftspuldronryp.frl. Bist der noch net hielendal oer út? Dan sjogge wy dy graach op 2 oktober! Yn ferbân mei de nije Corona-maatregels meie der dizze jûn op syn heechst 30 minsken oanwêzich wêze. Wy wolle fansels net dat wy minsken teloarstelle moatte. Dus wolsto freed graach delkomme? Jou dy dan op troch in mail te stjoeren nei ynfo@iepenloftspuldronryp.frl. Wy stjoere dy dan in befêstiging.

De ynformaasjejûn fynt plak op freed 2 oktober, 20.00 oere yn kafee de Posthoorn, Brêgebuorren 10, Dronryp.