Alle berichten van Iepenloftspul Dronryp

Stik 2017

Dit jier spilet Iepenloftspul Dronryp it stik ‘Manon’, in bewurking op de twalûk Jean de Florette en Manon des Sources fan de Frânske skriuwer Marcel Pagnol.

‘MANON’ fertelt it ferhaal fan Manon dy’t mei har heit en mem út ‘e stêd ferhúzje nei it plattelân. De heit fan Manon, Jean de Florette, is in bochelde belestingûntfanger. Hy hat in pleats urven en wol dêr yn de bergen buorkje. Mar de rike heareboer Papet Soubeyran en syn neef Ugolin ha ek harren each falle litten op datselde plak. Sy beslúte om stikem de wetterboarne op it hiem fan Jean ticht te mitselje wêrtroch it plan fan Manon en har famylje op dramatyske wize mislearret. As dan nei tsien jier de wierheid foar it ljocht komt, nimt Manon it heft yn eigen hannen en wol se it hiele doarp wreekje foar it ûnrjocht wat harren oandien is.

De rezjy is yn hannen fan Theo Smedes. Hy is mear as10 jier aktyf as freelance-akteur en teatermakker en hat fan 1995 ôf yn ferskate produksjes meispile.

Manon spilet op 21, 23, 24 en 30 juny en 1, 7 en 8 july oan ‘e Haven yn Dronryp. De foarstellings sette om 21.00 oere út ein.

 

 

SIT NIMME YN ÚS KOMMISJE?

Giet it Iepenloftspul Dronryp jo oan it hert en wolle jo hjir wat mei ?Dan is in sit yn it bestjoer fan de Stichting Iepenloftspul Dronryp in moaie útdaging!

Wy sykje enthousiaste minsken dy in sit nimme wolle yn ús kommisje.

Neffens ús statuten kinne bestjoersleden net te lang sitten bliuwe en is der sa no en dan ferlet fan nije minsken. Lyk as op dit stuit en derom dogge wy in oprop om hjir kandidaten foar te finen.

As it jo sels net past mar faaks ien witte dy dit hiel skoan dwaan kin dan hearre wy dat ek graach fan jo.

It Iepenloftspul kin net sûnder spilers mar ek net sûnder bestjoerders.

Liket it jo wat, as wolle jo hjir mear fan witte, nim dan kontakt op mei ús.

Stjoer in mail nei ynfo@iepenloftspuldronryp.frl of skilje nei

Oebele Harmsma
Foarsitter
06-12167605

Tank!

De foarstellingen fan Twifel binne foarby. Wy wolle eltsenien tige tankje dy’t meiwurke hat oan Twifel. Ek tankje wy it publyk foar de besite oan ús iepenloftspul.
It wie in geweldich moaie produksje.

Graach sjogge wy jim yn 2017 wer!

Mear as 100 foarstellingen spile troch Lochnaar Kingma

Sûnt 1994 is Lochnaar Kingma al belutsen by it Iepenloftspul Dronryp. Yn syn earste jier makke hy ûnderdiel út fan de omballingen en it jier dêrnei hat Lochnaar foar it earst as spiler meidien yn ”It spoar op Hatsum.’’ Fan 1995 ôf oant en mei 2015 hat Lochnaar hast alle jierren noch meispile en dat betsjut dat hy mear as 100 foarstellingen spile hat.

Sneon 13 juny is Lochnaar nei ôfrin fan de foarstelling Twifel yn it sintsje set as blyk fan wurdearring foar de ôfrûne jierren. Lochnaar hat net allinne as spiler belutsen west mar hat dêrnjonken ek syn stientsje bydroegen as bouwer. Lochnaar hat der altyd in soad wille yn hân en dat brocht en bringt hy noch hieltyd oer op de rest fan de minsken dy’t alle jierren meidogge oan it iepenloft yn Dronryp. Kin it iepenloft noch sûnder Lochnaar en kin Lochnaar noch sûnder it iepenloft?Lochnaar Kingma