Alle berichten van Iepenloftspul Dronryp

Repetysje 07-06-2017 MANON

De rol fan Manon

De rol fan Manon wurdt spile troch twa spilers. De jonge Manon dy’t oant en mei it skoft te sjen is, wurdt spile troch de njoggenjierrige Fardau van Emmen. Sy docht dit jier foar it earst mei. Doe’t Fardau hearde fan de audysje, moatst mem har fuortendaliks opjaan om’t meidwaan har fantastysk like. Fardau fynt de rol fan Manon aardich om te spyljen en sy hat dêr in soad nocht oan om bûten te repetearjen. Wat Fardau wol spitich fynt is dat sy net har eigen klean útsykje mei foar de rol. De sfear by it iepenloftspul fynt Fardau prachtich: “Ik bin sels nei repetysjes west wylst Theo my frij jûn hie. Ik wol dan graach de oaren út it stik spyljen sjen.” Fardau giet ynkoarten der op út mei ‘heit’ Sicco en ‘mem’ Henny om de bân tusken har trijen yn it stik noch sterker te meitsjen. Fardau fynt it meispyljen yn Manon geweldich en sjocht it dan ek wol sitten om faker mei te dwaan.

Nei it skoft is de âldere Manon te sjen, die spile wurdt troch de twaentweintichjierrige Marenne Smit. In oantal jierren lyn is Marenne foar it earst yn kontakt kaam mei it Iepenloftspul Dronryp omt har mem yn it bestjoer siet. Yn 2013 hat Marenne audysje dien foar it stik Terpwert en ek meispile. Fan doe ôf oan is de leafde foar it Iepenloftspul Dronyp ûntstean. It is alwer de tredde produksje wer’t sy yn meispilet. Al fan lyts ôf oan, hâldt Marenne fan toaniel. Op dit stuit is Marenne sels oan it ôfstudearjen as artyst teater. Se besiket, bûten de oplieding om, ek noch te spyljen en dêrom wie Marenne bliid doe’t sy hearde dat sy de rol fan Manon spylje mocht. In bysûndere rol foar Marenne omdat der in soad djipgong yn sit. De rol bestiet út ferskate lagen en Marenne kin in soad tapasse wat sy de ôfrûne jierren leard hat yn har oplieding. De sfear fan it Iepenloftspul sprekt har tige oan: “Je begjinne oan in proses mei in groep minsken wêr’tsto fan alles mei belibbest. It is hurd wurkjen, mar we laitsje in protte en dogge ek in drankje op syn tiid. Je leare elkoar kinnen en ta beslút sette jo mei-inoar in foarstelling del. Dat jout my in grutsk gefoel. Yn in relatyf koarte tiid wurde je in hechte groep en it fielt foar my bysûnder om dêr diel fan út te meie meitsjen.”

 

Folop oan de gong!

De repetysjes foar Manon binne folop oan de gong! Noch in goeie moanne en dan gean de spilers nei bûten ta te repetearjen.

 

Rabobank Clubkas Kampanje

Ek dit jier doche wy wer mei oan de Rabobank Clubkas Kampanje! Binne jo lid fan de Rabobank en drage jo it Iepenloftspul Dronryp in waarm hert ta? Stim dan op ús mei de ûntfongen stimkaart yn de perioade fan woansdei 29 maart oant en mei freed 7 april. Elke stim is jild wurdich. Alfêst bedankt foar jo stim!