Skiednis

De skiednis yn it koart
It earste iepenloftspul yn de gemeente Menameradiel wurdt opfierd yn 1981, op inisjatyf fan de Kultuerele Rie. Nei produksjes yn ferskate doarpen fan Menameradiel wurdt yn 1994 in fêst spylplak fûn oan de Haven yn Dronryp. Mei dy fêste lokaasje wurdt de namme feroare fan Iepenloftspul Menameradiel yn Iepenloftspul Dronryp.

Wie der jierrenlang fariaasje yn de lokaasje dêr’t spile waard, ek yn de brochte stikken sit fariaasje. Stikken fan ferneamde nammen as Shakespeare en Heijermans wurde ôfwiksele mei lokale skriuwers. Ek it soart foarstelling fariearret, neist toaniel wurdt muzykteater en musical opfierd. De taal dêr’t dat yn dien wurdt bliuwt wol it selde: it Frysk.

De stikken wurde brocht troch spilers út it noardwesten fan Fryslân. Dy dogge dat ûnder lieding fan in profesjonele regisseur. Ek foar in oantal oare funksjes as it ûntwerpen fan it dekor en de klean wurde betelle krêften ynskeakele, mar foar it grutste diel driuwt de organisaasje op frijwilligers. Soms binne dat der wol mear as hûndertfyftich!

It tal besikers fan in produksje fan it Iepenloftspul Dronryp is troch de jierren flink tanaam. Sjogge we nei de foarstellings dy’t sûnt 2000 brocht binne, dan sieten der gemiddeld mear as 2500 minsken op de tribune. Dat is hiel wat oars as de 500 dy’t nei de earste produksje kamen! Hieltyd mear minsken witte it paad nei Dronryp te finen.

Mear witte oer de skiednis? Bestel by it sekretariaat foar € 15,- it boek dat skreaun is oer fiifentweintich jier iepenloftspul yn Menameradiel: De loft skuort iepen… it iepenloftspul kin begjinne. ynfo@iepenloftspuldronryp.frl

In oersjoch fan alle stikken oant no ta:
1981 In wyt boesgroen
1982 Sjoen op in distânsje
1983 Kristus wurdt jitris krusige
1984 Op ien betingst
1985 De wize kat
1986 Poppeslok
1987 Robert, Bertha & Ko
1988 De reade hoanne op Lautastate
1989 Wylde Rixt fan it Oerd
1990 De tongerdraak
1991 De sulveren rinkelbel
1992 De likedielder
1993 Tusken wâl en skip
1994 Rûzje op ‘e Ryp
1995 It spoar op Hatsum
1996 Fedja
1997 De stiennen ûlebuorden
1998 De Singelieren
1999 Lidewij
2000 Noach
2001 Macbeth
2002 Oarsprong
2003 Ferkeard parkeard
2004 In soele simmerjûn
2005 Hair
2006 Don Juan
2007 Om it lêste plak
2008 Amadeus
2009 Us Jonges
2010 That’s alright Momma
2011 Band op ‘e loop
2012 Ut ‘e Loft
2013 Terpwert
2015 Twifel

Documentatie: Opzoeken Bestand bijwerken Bedankt voor het gebruiken van WordPress. Versie: 4.4.1