Stik

Nei it sukses fan it stik MANON, dat yn 2017 spile
waard, bringt Iepenloftspul Dronryp yn 2019 de
klassiker ‘Turks Fruit’  op de planken. It is in nij stik,
basearre op it ferneamde boek fan Jan Wolkers en
de film fan Paul Verhoeven, dy’t mei 3,3 miljoen
besikers noch altyd de meast suksesfolle Nederlânske
bioskoopfilm oait is. It is it oangripende ferhaal oer
de heftige leafde tusken byldhouwer Erik en Olga,
dy’t úteinlik oan de gefolgen fan in harsentumor
komt te ferstjerren. Yn ‘Turks Fruit’ wikselje tema’s
as leafde, tragyk, humor, fergonklikheid, de dea en
hertstocht elkoar ôf. Fierder sil yn dit meisleepjende
stik sang en live muzyk in wichtige rol spylje.

De tekst, oersetting en bewurking fan ‘Turks Fruit’
binne yn hannen fan Dick Jansen. Theo Smedes sil,
krekt as yn 2017, de rezjy op him nimme.