Bestelle

De kaartferkeap foar Manon is los!! Kaarten kinne fanôf no fia http://kaartferkeap.iepenloftspuldronryp.frl besteld wurde.
Komme jo nei Manon?

De foarstelling set om 21.00 oere út ein. De lokaasje is  oan ‘e Haven yn Dronryp. Wannear’t it stik los is, kinne jo net mear op de tribune.

By de Poiesz supermerk kin parkeard wurde. It parkearplak is oanjûn mei buorden en ús parkearjongens wize jo fierder de wei. Hâld rekken mei in koarte kuier fan ûngefear 5 minuten nei it foarstellingsterrein.

As jo  fragen hawwe kinne jo kontakt mei ús opnimme fia ynfo@iepenloftspuldronryp.frl of fia tillefoannûmer 06-40245609.

As de foarstelling net trochgiet yn ferbân mei de waarsomstannichheden, hawwe wy de folgjende reservejûnen ynplend:

Foarstellingsjûn Reservejûn
woansdei 21 juny
freed 23 juny
sneon 24 juny
freed 30 juny
sneon 1 july
freed 7 july
sneon 8 july
tongersdei 22 juny
snein 25 juny
moandei 26 juny
snein 2 july
moandei 3 july
snein 9 july
moandei 10 july

Wy kommunisearje it net trochgean fan in foarstelling fia dizze webside, Omrop Fryslân en fia ús Twitter- en Facebook-side.

Documentatie: Opzoeken Bestand bijwerken Bedankt voor het gebruiken van WordPress. Versie: 4.4.1