Kaartferkeap Turks fruit

Binne jo stiper fan it Iepenloftspul Dronryp en wolle jo kaarten mei koarting bestelle? Klik dan hjir!

Bestel hjir kaarten as jo gjin stiper binne.

Turks fruit
Turks fruit is in nij stik, basearre op it ferneamde boek fan Jan Wolkers en de film fan Paul Verhoeven, dy’t mei 3,3 miljoen besikers noch altyd de meast suksesfolle Nederlânske bioskoopfilm oait is.

De foarstellings fan Turks fruit fine plak op:

FoarstellingsdataReservedata
Freed 21 juny | PremiêreSnein 23 juny
Sneon 22 junyMoandei 24 juny
Woansdei 26 junyTongersdei 27 juny
Freed 28 junySnein 30 juny
Sneon 29 junyMoandei 1 july
Freed 5 julySnein 7 july
Sneon 6 julyMoandei 8 july

Komme jo nei Turks fruit?
De foarstelling set om 21.00 oere út ein. De lokaasje is oan ‘e Haven yn Dronryp. Wannear’t it stik los is, kinne jo net mear op de tribune.

By de Poiesz supermerk kin parkeard wurde. It parkearterrein is oanjûn mei buorden en ús parkearjongens wize jo fierder de wei. Hâld rekken mei in koarte kuier fan ûngefear 5 minuten nei it foarstellingsterrein.

Hawwe jo fragen of wolle jo mear witte? Nim dan kontakt mei ús op fia ynfo@iepenloftspuldronryp.frl.

Wy kommunisearje it net trochgean fan in foarstelling fia dizze webside, Omrop Fryslân en fia ús sosjale media sides.

Bestel hjir kaarten foar Turks fruit

It ferhaal
Haadfiguer Erik is in jonge talintearde keunstner mar hy hat ek grutte talinten yn de leafde mei in net te stuitsjen libido. Hy komt op in dei samar ynienen “it dizige reade bist” Olga tsjin wêr’t hy grinzeleas fereale op wurdt. De leafde tusken  him en syn Olga set foar beide de wrâld yn de brân. Mar Erik hat ek te krijen mei in draak fan in skoanmem dy’t graach de hiele wrâld nei har hân sette wol. Dêrtroch moat Erik alle seilen by sette en keuzes meitsje. Troch syn beklammende leafde foar Olga en syn grutte libido komt harren relaasje ûnder druk te stean. Der sil in soad feroarje en dat sil de wrâld fan Erik en Olga op de kop sette.

Yn ‘Turks fruit’ wikselje tema’s as leafde, tragyk, humor, fergonklikheid, de dea en hertstocht elkoar ôf. Sang en live muzyk spylje in wichtige rol yn dit stik dat foar it earst yn it Frysk én yn ‘e iepenloft opfierd wurde sil.

‘Turks fruit’ is skreaun, bewurke en oerset troch Dick Jansen. De rezjy is yn hannen fan Theo Smedes.