Iepenloftspul Dronryp hâldt audysjes foar Turks Fruit

Folje hjir it opjefteformulier foar de audysjes yn foar woansdei 10 oktober. 

Yn Dronryp sil fan juny 2019 ôf it stik ‘’Turks Fruit’’ opfierd wurde. In hertferskuorrend ferhaal oer de heftige leafde tusken byldhouwer Erik en de jonge frou Olga. Harren hertstochtlike relaasje kriget in dramatyske ommekear as de jonge frou slim siik wurdt en komt te ferstjerren.
Dit ferhaal oer kanker yn de jierren 60 is spitigernôch hjoed de dei noch hieltyd aktueel.

Op sneon 13 oktober, fan 10.00 oere ôf, hâldt Iepenloftspul Dronryp in audysjedei foar ‘’Turks Fruit’’. Regisseur Theo Smedes is foar de rollen (grut en lyts) en figuraasje op syk nei sawol mannen as froulju fan 18 jier en âlder. Omdat live muzyk in grutte rol spylje sil, moatte de haadrolspilers njonken it spyljen ek sjonge kinne. Fierder sille dûns en beweging ek in wichtige rol spylje yn it stik. It is op dit momint noch ûndúdlik oft der ek gebrûk makke wurdt fan in koar. Dat hinget ôf fan wat der op de audysjes ôfkomt en dêr stiet de regisseur noch iepen tsjinoer.

De earste twa moannen sil der earst ien kear yn ‘e wike repetearre wurde. Dêrnei sil dit twa kear yn e wike wurde. Rjochting de foarstellings komt der noch in tredde momint yn ‘e wike by. De foarstellings fine plak op 21, 22, 26, 28 en 29 juny en 5 en 6 july.

Wolst dy oanmelde foar de audysjes? Folje dan hjir it opjefteformulier yn foar woansdei 10 oktober.  Leaver achter de skermen meihelpe? Dan kinst dy fansels ek opjaan as meiwurker foar bygelyks de bouploech, katering of as kommisjelid.
Nei de slutingsdatum wurdt der sa gau mooglik in útnoeging foar de audysjedei ferstjoerd.