Ynformaasjejûn Turks Fruit

Yn 2019 bringt Iepenloftspul Dronryp de klassiker ‘’Turks Fruit’’ op de planken. De rezjy is yn hannen fan Theo Smedes en hy sil tongersdei 27 septimber ynformaasje jaan oer de foarstelling. Der wurdt ûnder oare djipper yngien op de rollen en it ferhaal. Ek is der gelegenheid om dy op te jaan foar de audysjes yn oktober. Wolst leaver achter de skermen meihelpe? Dan kinst dy fansels ek opjaan as meiwurker foar bygelyks de bouploech, katering of as kommisjelid.
Wolst dy no al opjaan as meiwurker of wolst dy oanmelde foar de audysjes? Folje dan it opjefteformulier yn fia dizze link: https://docs.google.com/…/1JBNOIi2T7193IEdmjIScU3GMBctYIRQA…

Turks Fruit
‘’Turks Fruit’’ is in nij stik en basearre op it gelyknammige boek, skreaun troch Jan Wolkers, en de meast suksesfolle Nederlânske bioskoopfilm dy’t regisearre waard troch Paul Verhoeven. It is in hertferskuorrend ferhaal oer de heftige leafde tusken byldhouwer Erik en Olga dy’t oan de gefolgen fan in harsentumor komt te ferstjerren. Yn ‘’Turks Fruit’’ wikselje tema’s as leafde, tragyk, humor, fergonklikheid, de dea, passy en hertstocht elkoar ôf. Fierder sil yn dit meislepend stik sang en live muzyk in belangryke rol spylje.
De tekst, oersetting en bewurking fan ‘’Turks Fruit’’ is yn hannen fan Dick Jansen.

Audysje
Op sneon 13 oktober binne de audysjes foar de minsken dy’t har opjûn hawwe.

De ynformaasjejûn fynt plak op tongersdei 27 septimber, 20.30 oere yn kafee de Posthoorn, Brêgebuorren  10, Dronryp.