Iepenloftspul Dronryp spilet yn 2019 TURKS FRUIT

Nei it sukses fan it stik ‘MANON’ dat yn 2017 spile waard, bringt Iepenloftspul Dronryp yn 2019 de klassiker ‘Turks fruit’ op de planken. It is in nij stik, basearre op it ferneamde boek fan Jan Wolkers en de film fan Paul Verhoeven, dy’t mei 3,3 miljoen besikers noch altyd de meast suksesfolle Nederlânske biskoopfilm oait is. It is it oangripende ferhaal oer de heftige leafde tusken byldhouwer Erik en Olga, dy’t úteinlik oan de gefolgen fan in harsentumor komt te ferstjerren. Yn ‘Turks fruit’ wikselje tema’s as leafde, tragyk, humor, fergonklikheid, de dea, passy en hertstocht elkoar ôf. Fierder sil yn dit meisleepjende stik sang en live muzyk in belangryke rol spylje.

De tekst, oersetting en bewurking fan ‘Turks fruit’ binne yn hannen fan Dick Jansen. Theo Smedes sil, krekt as yn 2017, de rezjy op him nimme.