Alle berichten van Iepenloftspul Dronryp

Der kin wer stimt wurde!

Ek dit jier doche wy wer mei oan de Rabobank Clubkas Campagne! Binne jo lid fan de Rabobank en drage jo it Iepenloftspul Dronryp in waarm hert ta? Stim dan op ús mei de ûntfongen stimkaart yn de perioade fan woansdei 28 maart oant en mei freed 6 april. Elke stim is jild wurdich.
Alfêst tige tank foar jo stim!

Tank foar alles!

De foarstellings fan Manon sitte der op en wat wie it moai! Fiif kear útferkocht west en de reaksjes wiene tige posityf! Spilers, frijwilligers, sponsoaren, subsidiïnten, stipers, publyk en elkenien dy’t op hokker wize dan ek meiwurke hat oan MANON; tige tank foar alles! Graach oant sjen yn 2019!