Alle berichten van iepen.loft.spul

Twifel 10 juny yn premiêre

Parseberjocht
Dronryp, 1 juny 2015

Iepenloftspul Dronryp spilet dit jier Twifel. Jan Arendz en Marijke Geertsma hawwe foar dizze produksje it toanielstik en de film ‘Doubt’ fan John Patrick Shanley oerset en bewurke. Sy dogge ek de rezjy fan it stik.

Twifel is in aktueel stik mei in protte kanten. In jonge non beskuldiget in pastoar fan it misbrûken fan in jonge jonge. Mar is it wol sa? De twifel slacht ta.

Jan woe altyd al graach ris in iepenloftspul regissearje. Ek Marijke waard dêr entûsjast oer neidat se tegearre mei Jan in soad iepenloftspullen besocht. Se krigen mear tiid en begûnen nei te tinken oer hokker stik it wurde moast. Dat waard Twifel. De ideeën en ynspiraasje kamen doe’t sy de film “Doubt’’ seagen. Sy koenen it toanielstik al en nei it sjen fan de film seagen Jan en Marijke mooglikheden om it stik út te wreidzjen nei in iepenloftspul. Doe’t Kees Arendz, de broer fan Jan, harren wiisde op de oprop foar regisseurs mei plannen fan de kommisje fan Iepenloftspul Dronryp, krigen Jan en Marijke de kâns om harren idee foar it stik te presintearjen. Mei súkses: de kommisje stie efter it plan en efter Jan en Marijke as regisseurs. Lykwols besleat de kommisje foar de start fan it nije iepenloftseizoen om it jier 2014 oer te slaan. Gelokkich wienen Jan en Marijke ree om Twifel yn 2015 op te fieren. Begjin dit jier binne de repetysjes fan Twifel út ein set en ûnderwilens binne de spilers al drok bûten oan it repetearjen.

Twifel is in stik mei prachtige rollen. Der sitte in pear grutte rollen yn it stik, mar ek de lytsere rollen binne hiel wichtich foar de sfear fan it stik.
It stik spilet him ôf op ferskillende lokaasjes lykas in tsjerke, skoalle en bûtenlokaasje. It dekôr is troch ûntwerper Tom Reeders sa makke dat al dy lokaasjes sichtber binne en de sênes floeiend yn elkoar oer rinne kinne. De klean, ûntwurpen troch Johan Prosje, drage by oan in sfearfol gehiel.

Popkoar FromUs en it koar Schola Cantorum Frisiae spylje in wichtige rol yn it stik. Beide sjonge a kapella. De froulju fan FromUs foarmje it tsjerkekoar en soargje foar moaie oergongen tusken de sênes. De Gregoriaanske lieten fan Schola Cantorum Frisiae slute prachtich oan by de teematyk fan it stik.

Twifel
giet woansdei 10 juny yn premiêre. De oare spyldata binne: 12, 13, 19, 20, 26 en 27 juny. De foarstellingen begjinne om 21.00 oere oan ’e Haven yn Dronryp.
Kaarten binne te bestellen fia www.iepenloftspuldronryp.frl.

IMG-ILS2015-30-5-(10069)---kopie


Pastoar Blom (Jehannes Arendz) en Ronald Walta (Simon van der Ploeg). Ronald krijt in presintsje fan pastoar Blom.

Foto: FOTOKOOPMANS©2015