Tank foar alles!

De foarstellings fan Manon sitte der op en wat wie it moai! Fiif kear útferkocht west en de reaksjes wiene tige posityf! Spilers, frijwilligers, sponsoaren, subsidiïnten, stipers, publyk en elkenien dy’t op hokker wize dan ek meiwurke hat oan MANON; tige tank foar alles! Graach oant sjen yn 2019!

Aksje: Hjitsto ek Manon?

Aksje:

It stik fan dit jier fertelt it ferhaal fan Manon dy’t mei har heit en mem út ‘e stêd ferhúzje nei it plattelân. Har heit hat in pleats urven en wol in nij libben begjinne as boer. Papet en syn neef Ugloin út it doarp ha harren each ek op de pleats falle litten en stopje stikem de wetterboarne op it hiem ticht. It plan fan Manon en har famylje mislearret dêrtroch op dramatyske wize. As dan nei tsien jier de wierheid foar it ljocht komt, nimt Manon it heft yn eigen hannen en wol se it hiele doarp wreke foar it ûnrjocht dat harren oandien is.

Hjitsto no ek Manon? Dan ha wy in ferrassing: do ûntfangst ien frijkaart foar de premjêre op 21 juny! Mail in kopy fan dyn paspoart/identiteitsbewiis en dyn adres nei ynfo@iepenloftspuldronryp.frl en dan nimme wy kontakt mei dy op.

Betingsten:
– net yn te wikseljen tsjin kontant jild
– útslutend te brûken op de dei fan de premjêre

Hjitsto no gjin Manon? Dan binne der fansels noch kaarten te bestellen fia www.manon.frl.

Documentatie: Opzoeken Bestand bijwerken Bedankt voor het gebruiken van WordPress. Versie: 4.4.1